Nederlânske shorttrackmanlju pakke Europeeske titel

De Nederlânske manljusploech is by it EK shorttrack yn Dresden op de ôflossing foar de fiifde kear Europeesk kampioen wurden. Under oanfiering fan Sjinkie Knegt fersloech it team fan bûnscoach Jeroen Otter Ruslân en Hongarije. Itzhak de Laat, Daan Breeuwsma, Dennis Visser en de sterke Knegt, dy't op it EK syn fiifde gouden medalje ferovere, rieden in geweldige ôflossing oer 5000 meter.
By de froulju gie de Europeeske titel nei Ruslân, foar Hongarije en Frankryk. Nederlân pleatste him net foar de finale.