It giet min mei de rottekoppen, sa blykt út strontûndersyk

14 jan 2018 - 15:58

It giet striemin mei de rottekop yn Fryslân. De Noardske wrotmûs, sa as it bistje hjit, is de iennige sûchbistesoart dy't allinnich yn Nederlân foarkomt. Yn opdracht fan de provinsje hat ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wymenga op 170 lokaasjes socht nei de rottekop. Net mei fallen, mar troch mûzestront te sykjen en dêrfan troch DNA-ûndersyk út te finen om hokker soarte mûs it giet.

Tal fierder ôfnaam

It wie noch net sa ienfâldich om de keuteltsjes te finen, want dy binne hiel lyts. It is foar it earst dat dizze metoade op sa'n grutte skaal brûkt is. Ut it ûndersyk docht bliken dat it tal plakken dêr't de rottekop sit, noch fierder ôfnaam is. By de Grutte Wielen binne sy bygelyks ferdwûn. De soarte docht it benammen goed yn gebieten mei in fariabel wetterpeil en troch de grutte gemalen binne dy der hast net mear.

De rottekop kin dêrtroch de konkurrinsje net oan mei oare mûzesoarten, dy't harren op folle mear plakken thúsfiele.

(advertinsje)
(advertinsje)