Oanhâldings foar harddrugs

09 jun 2012 - 14:24

De plysje hat freed yn Drachten seis minsken oanhâlden foar it yn besit hawwen en ferhanneljen fan harddrugs. Der wiene tips kaam dat yn in wenning oan de Alferhof drugs ferhannele waarden. Aginten hawwe dêrop de wenning yn de gaten holden.

Der waarden ûnder oare in 33-jierrige man út Jobbegea, in 23-jierrige man fan De Harkema en in 26-jierrige frou út Drachten oanholden. Yn de auto fan de frou út Drachten waarden ek noch stellen kentekenplaten oantroffen.

De 46-jierrige bewenner fan de wenning is ek oanhâlden. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Drachten harddrugs
(advertinsje)
(advertinsje)