Sjinkie Knegt foar tredde kear Europeesk kampioen shorttrack

14 jan 2018 - 14:43
  • Sjinkie Knegt
  • Sjinkie nei syn oerwinningen
  • Itzhak de Laat oer it goud by de ôflossing en oer syn B-finales
  • De reaksje fan Suzanne Schulting
  • Ferslachjouwer Roelof de Vries en de 1000 meter fan Knegt

Sjinkie Knegt is sneintemiddei foar de tredde kear yn syn karriêre Europeesk kampioen shorttrack wurden. Yn de finale fan de 1000 meter yn Dresden stelde Knegt syn titel feilich. Hy wie rapper as de Rus Semen Elistratov en Roberto Pukitis út Letlân. Knegt wûn sneon ek al de 500 en de 1500 meter yn Dresden. De 28-jierrige Bantegeaster wie snein al wis fan de titel, noch foardat de lêste ôfstân op it EK shorttrack yn Dresden ferriden waard.

Finale perfekt

''De finale wie perfekt", sei Knegt nei ôfrin. '' Yn de heale finale makke ik noch wat flaters, mar no gie it folle better.'' Knegt waard tredde yn de heale finale, mar krige dochs in plak yn de finale om't er hindere waard.

Itzhak de Laat gie yn de B-finale fan de 1000 meter nei it twadde plak. Daan Breeuwsma waard yn de foarrondes útskeakele.

(advertinsje)