Sulver foar Suzanne Schulting op 1000 meter yn Dresden

14 jan 2018 - 14:39
  • De reaksje fan Suzanne Schulting
  • Ferslachjouwer Roelof de Vries en de 1000 meter fan Schulting

Suzanne Schulting fan De Tynje hat sneintemiddei op it EK shorttrack in sulveren medalje behelle op de 1000 meter. Yn Dresden kaam Schulting yn de finale krekt tekoart foar winst. Dy gie nei de Italiaanske Arianna Fontana.

De brûnzen medalje wie foar Anna Seidel út Dútslân.

(advertinsje)