NAM: "Net mear gas út Fryslân, as Grinslân minderje moat"

14 jan 2018 - 14:01

Der sil net mear gas út Fryske putten wûn wurde, as besletten wurdt dat de gaskraan yn Grinslân fierder ticht moat. Dat fertelde Sape Jan Terpstra, komminikaasjemanager by de NAM. De Dokkumer siet snein oan tafel yn it omropprogramma 'Buro de Vries' en melde dat de Fryske fjilden al stadichoan leech reitsje. "De produksje rint dêr alle jierren sa'n 20% tebek en dat is in natuerlik proses."

Allinnich as der nije fjilden yn gebrûk naam wurde, lykas as dat boppe Ternaard, kin der mear gas wûn wurde yn Fryslân. De kâns op ierdbevings yn ús provinsje as gefolch fan gaswinning skat Terpstra yn as 'nihil'.

(advertinsje)
(advertinsje)