Cambuur: Gjin Kallon en Narsingh

14 jan 2018 - 12:35
  • Sipke Hulshoff
  • Harkje nei Xander Houtkoop

Cambuur moat it moandei yn de útwedstriid tsjin Jong AZ sûnder Isa Kallon en Furdjel Narsingh dwaan. Sy binnme beiden net fit genôch om te fuotbaljen. Kevin van Kippersluis en Justin Mathieu binne de ferfangers. Cambuur begûn it jier 2018 ôfrûne freed prima mei in 3-2 oerwinning op De Graafschap. Trainer Sipke Hulshoff realisearret him dat ien sweltsje noch gjin simmer makket. "AZ út kin echt in kantelpunt wurde. As we dy wedstriid winne, sitte wy op it finketou."

De Ljouwerters hawwe yn de winterstop as doelstelling útsprutsen de play-offs helje te wollen. As de ynhelwedstriid tsjin AZ wûn wurdt, dan komt Cambuur op 26 punten en is de oansluting mei it linker rychje fûn. AZ is de nûmer foarlêst fan de Jupiler League, mar de fraach is oft , en - sa ja -  hoefolle spilers fan de earste seleksje oft moarn spylje sille. De ferwachting is dat moandei wol in oantal spilers fan it earste alvetal aktyf wêze sil yn Jong AZ.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)