Lêste koers foar Derek Buitenzorg

14 jan 2018 - 10:47

Derek Buitenzorg, de draver fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, hâldt dermei op. Yn 2011 rêde de sportredaksje de ienjierrige Derek fan de slacht. De draver krige syn eigen realitysoap yn it TV-programma Boppeslach.

Gjin idee
"We hienen gjin idee wêr't wy oan begûnen", seit Simone Scheffer dy't de earste reportaazje makke oer de oankeap fan Derek. "Doe besefte ik dat it in echt hynder wie dat fersoarge wurde moast". It earste idee kaam by kollega Gerrit de Boer wei: "Ik hearde dat hy foar 100 euro ferkocht wie foar de slacht en tocht:  Dêr moatte wy wat mei." Buitenzorg is in bekende namme yn de draafsport.

Moaie TV
De earste kear foar de sulky, in besite oan de toskedokter en de giropraktor, ja sels syn kastraasje waard fêstlein troch de Omropkamera's. De ferslachjouwer koe it lykwols net oansjen en foel flau. It levere moaie telefyzje op.


Eigen wil
Derek krige plak by trainer-pikeur Eelke Kruis yn Terbant. Trainster Sjoukje Wagenaar naam him ûnder har hoede. Derek hie talint, mar ek in sterke eigen wil. Sa wie er faak mei gjin mooglikheid yn 'e trailer te krijen. En op de baan hie er de gewoante krekt foar de ein ôf te slaan. "Hoe faak ik net yn Wolvegea west haw om in reportaazje te meitsjen oer dat hy him einlik kwalifisearje soe. Ik tocht op in stuit dat it noait wat wurde soe",  fertelt Arjen de Boer. Mei trainer Arend de Wrede slagge it úteinlik wol: Derek mocht koerse.

Hall of Fame
Derek waard sawol op as bûten de draafbaan in begryp. Hy krige in eigen glossy, de band Die Twa makke in krystferske oer him en op fandagen woe elkenien mei him op de foto. Derek Buitenzorg is de earste draver dy't in plak krigen hat yn de Hall of Fame fan de NDR, de Nederlânske Draf-  en Rensport, noch foardat er ea in koers wûn hie. It seit wat oer wat er betsjut hat foar de sport.

Lêste kear
Twa kear wûn Derek in koers. Mei-inoar hat er 10.000 euro oan prizejild byinoar draafd, mar in echte topper is er net wurden. Dêrom is no besletten dat er ophâldt. Op freed 19 jannewaris draaft er syn lêste koers op Wolvegea. Simone: "It wie in moai jongesboek."

Moat er no dochs noch nei de slacht?

Nee, dat net. De sportredaksje hat in oar plak fûn dêr't goed foar him soarge wurdt.


Harkje ek nei de reportaazje yn Buro de Vries.

 

Trefwurden: 
Derek Buitenzorg
(advertinsje)
(advertinsje)