Famke fan 15 jier ûnder ynfloed nei sikehûs brocht

14 jan 2018 - 10:14

In famke fan 15 jier is yn de nacht fan sneon op snein nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht, omdat se net goed wurden wie. Dat wie op in besletten feest yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier. De plysje waard derby helle. Dy stelde fêst dat it famke ûnder ynfloed fan alkohol wie. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Der kaam dyselde nachts noch in melding oer ien dy't net goed wurde wie yn it sintrum fan Ljouwert. In ynwenster fan 26 jier wie yn de fytsestalling oan it Saailân op de achterholle fallen. Nei kontrôle is se oerdroegen oan bekenden. Se hoegde net nei it sikehûs ta.

Fierders waard  in 23-jierrige Ljouwerter ynsletten. De man hie in hoarekaferbod. De plysje seach him in kafee oan it Ruterskertier yn gean en dat mocht dus net. De man is oanhâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)