Riedsgearkomste Achtkarspelen yn 19e-iuwske styl

14 jan 2018 - 09:09

De gemeente Achtkarspelen hâldt op 25 jannewaris in bysûndere riedsgearkomste yn de Augustinustsjerke yn Stynsgea. It doarp wurdt dan útroppen ta 'Kultureel Haaddoarp 2018' fan Achtkarspelen.

De ried en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders binne klaaid yn de styl fan begjin njoggentjinde iuw. Yn it earste part fan de gearkomste wurdt ferteld hokker ûnderwerpen doe aktueel wiene. Dêrnei begjint de reguliere riedsgearkomste.

(advertinsje)
(advertinsje)