Arno Brok hâldt koartste taspraak fan alle kommissarissen

Kommissaris fan de Kening Arno Brok op de nijjiersresepsje © Omrop Fryslân, René Koster
De kommissaris fan de Kening fan Fryslân, Arno Brok, hat dit jier de koartste nijjierstaspraak fan alle kommissarissen yn Nederlân hâlden. Dat hat Marcel de Jong berekkene. Hy is haad kommunikaasje fan de provinsje Fryslân en wurdfierder fan Arno Brok. Mei hast 700 wurden is de nijjierstaspraak fan Brok de koartste. Kommissaris Van Den Donk fan Brabân hie de langste speech, mei goed 3200 wurden.
Arno Brok brûkte mar ien kear it wurd 'ik' yn syn taspraak.