LDODK rêdt it krekt net tsjin DOS'46

13 jan 2018 - 22:19

LDODK is der sneontejûn net yn slagge de útwedstriid tsjin DOS '46 te winnen. De kuorballers ferlearen mei 25-23 op besite yn Nijeveen. De Gordykster rûnen de hiele wedstriid achter de thúsploech oan. Dy bleau de hiele tiid op inkelde punten foarsprong stean. Yn de lêste minuten koe LDODK tichteby komme, mar der wie gjin tiid mear om DOS '46 echt yn de problemen te bringen.

Takom wike snein spilet LDODK de folgjende kompetysjewedstriid tsjin Fortuna.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal DOS '46
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)