Aris ferliest nei goede begjinfaze fan Leiden

13 jan 2018 - 21:55

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn mei 77-55 ferlern fan Leiden. De ploech fan coach Tony van den Bosch koe yn it begjin fan de wedstriid goed meikomme, mar joech de partij dêrnei út hannen. Nei it earste kwart stienen de Ljouwerters trije punten foar op Leiden, mar by it skoft pakte de thúsploech de lieding oer. Leiden rûn út nei in skoare fan 66-48 en kaam dêrnei net mear yn de problemen.

Aris spilet tiisdei yn de kwartfinale fan de beker yn en tsjin Den Bosch. Op 31 jannewaris is de return yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Aris basketbal Leiden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)