Kuorballers SCO thús ûnderút tsjin Rohda Amsterdam

13 jan 2018 - 21:47

De kuorballers fan SCO binne der sneontejûn yn de haadklassewedstriid tsjin Amsterdam net yn slagge de punten thús te hâlden. Mei in lyts ferskil fan 22-25 ferlear de ploech út Aldeholtpea fan Rohda. By it skoft hâlden de teams inoar yn it lykwicht: 11-11. Ek yn it twadde part fan de wedstriid bleau it spannend, fiif minuten foar de ein fan de wedstriid wie it ferskil noch mar twa punten. Dêrnei makken de Amsterdammers dien wurk.

Rohda stie oant dizze wedstriid krekt ûnder SCO op de ranglist, mar komt troch de winst boppe de ploech út Aldeholtpea telâne.

Trefwurden: 
SCO kuorbal Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)