Argewaasje oer tweet plysje

09 jun 2012 - 12:35

Guon boateferhierders yn Fryslân hawwe argewaasje fan in tweet fan de Fryske wetterplysje, freed. De wetterplysje twittere: "Verhuurders en watersporters, u kent uw verantwoordelijkheid, neem die dan ook". Neffens de ferhierders suggerearret dat dat se dy feranwurdlikheid net namen.

De ferhierders sizze dat in ekstra lang wykein foar de Dútsers der mei de oarsaak fan is dat freed in soad wettersporters yn de problemen kamen op de Fryske marren. In soad Dútsers wiene tongersdei al frij en al op it wetter doe't it waar gefaarlik waard.

In wurdfierder fan de plysje seit yn in reaksje dat it beslist net de bedoeling is of wie om alle ferhierders oer ien kaam te skearen, mar seit ek dat de plysje en de wetterplysje fernommen hawwe dat der freed ek noch minsken yn minne omstannichheden it wetter opgiene, yn guon gefallen sûnder swimfesten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)