Hynder Jurre 495 opnij kampioen by hynstekeuring

13 jan 2018 - 17:54
  • Eareronde en in ynterview mei de winner
  • Jurre 495 opnij kampioen by hynstekeuring
  • Ferslachjouwer Geert van Tuinen by de priisútrikking

It hynder Jurre 495 is foar de twadde kear op rige algemien kampioen wurden by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek. Yn it WTC Expo yn Ljouwert wûn de hynst lykas foarich jier de titel. Jelmer Chardon fan Jorwert is eigener fan Jurre 495. Der wie in soad publyk by de hynstekeuring yn it WTC Expo. De hal siet grôtfol mei besikers.  

''It is geweldich'', fertelde Jelmer Chardon nei de bekendmakking. ''Noch bysûnderder as foarich jier. Der hinget safolle fan ôf. Der lei dit jier folle mear druk op. Foarich jier wienen wy de underdog, no wie dat wol oars. It hâldt wat yn allegear. De krante, telefyzje en alles byinoar. It moat allegear mar, mar it is ús slagge.''

Omrop Fryslân bringt Faderpaard op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Op freed 12 jannewaris is it konsert Friesian Proms te sjen en op sneon 13 jannewaris is fan 8.30 oere ôf de hynstekeuring live te folgjen. Fierder wurdt der yn 2018 foar it earst in Nederlânske stream, njonken de Dútske en Ingelske stream, oanbean. Sjoch foar alle ynformaasje op de side fan Faderpaard.

(advertinsje)