Winst foar Harkemase Boys, ONS pakt punt

13 jan 2018 - 17:24

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei in oerwinning pakt yn de útwedstriid tsjin ASWH. Yn Hendrik-Ido-Ambacht wûnen de Harkemasters mei 3-1 fan de gasthearen. Jesse Renken makke yn de tolfde minút it earste doelpunt. Noch gjin kertier letter skoarde Renken opnij, ditkear út in strafskop. De tsjinstanners makken noch de 1-2, mar Kaluzi besliste de wedstriid mei de tredde Boys treffer. Keeper Jansema wie yn de slotfaze noch wichtich foar Harkemase Boys mei inkelde goede rêdingen.

Difyzjegenoat ONS pakte yn eigen hûs in punt tsjin Jong FC Grins. Yn de 34ste minút kamen de gasten op foarsprong troch Kasper Oldenburger. Nei it skoft skoarde Jantje Dommerholt: 1-1. Dat waard úteinlik ek de einstân yn Snits.

Trefwurden: 
ONS Harkemase Boys fuotbal
(advertinsje)