Bestjoer MFC Westenkwartier lilk op gemeente Ljouwert

13 jan 2018 - 17:12

It bestjoer fan MFC Westenkwartier yn Ljouwert is lilk op de gemeente. Krekt foar de krystfakânsje hat de gemeente mûnling meidield dat de grienploech net mear skoft hâlde sil yn it MFC Westenkwartier. Dat betsjut dat it wyksintrum per 1 jannewaris de fergoeding dêrfoar net mear krijt. Dat soarget foar in gat yn de begrutting fan in pear tûzen euro.

De bestjoersleden fine it net netsjes fan de gemeente dat se sa let meidield hat dat der wat feroarje sil. Se wolle graach dat de beslissing weromdraaid wurdt, of dat de gemeente in oplossing betinkt foar it gat yn de begrutting.

Trefwurden: 
MFC Westenkwartier Ljouwert
(advertinsje)