Sjinkie Knegt wint ek 500 meter op EK shorttrack

Sjinkie Knegt hat ek de 500 meter op it EK shorttrack yn Dresden op syn namme skreaun. De 28-jierrige Fries liet him yn de finale net ferrasse. Hy pakte nei de start de kopposysje en joech dy net mear út hannen. Yn de einsprint koe Knegt noch in lêste oanfal fan de Rus Victor An ôfslaan.
Earder op de dei pakte Knegt al de winst op de 1500 meter. Mei in maksimale skoare fan 68 punten giet hy oan de lieding yn it klassemint. Snein wurde noch de 1000 meter, de 3000 meter en de finale fan de ôflossing ôfwurke.