Nederlânske titel fjildriden foar Lucinda Brand

Fjildrydster Lucinda Brand hat yn Surhústerfean de Nederlânske titel by de froulju pakt. De rydster fan Team Sunweb wie oppermachtich en pakte it goud. Maud Kaptheijns pakte it sulver en it lêste poadiumplak gie nei Annemarie Worst.
Twa kandidaten foar de Nederlânske titel ûntbrutsen yn Surhústerfean. Sophie de Boer en Marianne Vos moasten fanwegen harren sûnens ôfsizze.