Drok mei tariedings Slachte

09 jun 2012 - 12:22

De organisaasje fan de Slachtemaraton is drok dwaande de lêste puntsjes op de i te setten foar it evenemint takom wike. 13.500 kuierders en 1500 hurdrinners rinne dan tusken de keunstprojekten troch fan Raerd nei Easterbierrum.

Yn it finishplak binne dizze wike al tal fan aktiviteiten. Ek is der hurd wurke oan in oplossing om alle minsken wer goed fuort te krijen. It sil foar minsken al dreech wurde om by de finish in plak te finen om alles goed te sjen.

Mocht der wat misgean, in ramp, striemin waar of sa, dan is 15 septimber in útwykdatum.

Trefwurden: 
Slachte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)