Brânwacht hellet Wierumer jonge út driuwsân

De brânwacht fan Ternaard hat sneontemiddei by Wierum in jonkje út driuwsân rêden. De jonge socht in plak om te fiskjen en rûn mei syn angel by de Wierumerfeart del. Dêr kaam hy fêst te sitten yn it sân. De jonge hat goed oardel oere fêstsitten yn it sân.
Njonken de brânwacht wie ek in rêdingsteam út Grins oproppen. Sy koenen de jonge Wierumer feilich nei boppe heljen. It jonkje is bot skrokken, mar hat neat oan it aventoer oerhâlden. Hy is troch de brânwacht nei hûs brocht.
''Ik wie oan it fiskjen, en ik rûn ynienen yn driuwsân'', fertelt er. ''Ik woe der sa gau mooglik wer wei, mar dat koe net. Ik wie hielendal allinne en ha der wol oardel oere stien. Mar no ha ik in waarme dûs naam, en ik gean moarn gewoan wer te fiskjen.''