Ljouwerter wyk fan Abe Bonnema wurdt enerzjysunich

13 jan 2018 - 15:46

Ien Ljouwerter wyk mei gebouwen fan arsjitekt Abe Bonnema wurdt enerzjysunich. Dat hat foarsitter fan de Abe Bonnema Stichting, Ed Nijpels, sneon fertelt op de iepening fan de Abe Bonnema Experience. Doel is yn ien Ljouwerter wyk sa'n 50 oant 100 gebouwen enerzjysunich te meitsjen. It giet om partikuliere wenningen. Hokker wyk yn Ljouwert is noch net bekend. It plan sil hûnderttûzenen euro's kostje en wurdt yn gearwurking mei Dijkstra Draisma en it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy realisearre.

Sneon is de Abe Bonnema Experience, op de boppeste etaazje fan de Achmeatoer yn Ljouwert, offisjeel iepengien. It hiele jier troch op sneon is de tentoanstelling iepen foar publyk.

(advertinsje)