Sjinkie Knegt pakt Europeeske titel op de 1500 meter

13 jan 2018 - 14:42
  • Sjinkie Knegt
  • Suzanne Schulting
  • Itzhak de Laat
  • De 500 meter mei ferslachjouwer Roelof de Vries
  • De 1500 meter mei ferslachjouwer Roelof de Vries

Sjinkie Knegt hat de earste finale by it EK shorttrack yn Dresden wûn. De Bantegeaster wie de fluchste op de 1500 meter. It is Kengt syn achtste titel op it EK. Knegt pakte mei de winst 34 punten foar it totaalklassemint. De Rus Semen Elistratov waard twadde en it brûns gie nei de Israëliër Vladislav Bykanov.

Suzanne Schulting hat op de 1500 meter gjin punten helle, se krige in penalty om't se yn in bocht de Italiaanske Arianna Fontana en de Russische Ekaterina Efremenkova ûnderút ried by in ynhelaksje. Yara van Kerkhof is sneon by it EK as twadde einige.

(advertinsje)