Soargen oer húsfêsting hynstekeuring

© Omrop Fryslân, Mariët Saakstra
It Frysk Hynstestamboek hat noed oer de lokaasje fan de hynstekeuring. It WTC yn Ljouwert is no al hast te lyts foar it evenemint en der binne plannen om de halkapasiteit fan it WTC lytser te meitsjen, as it nije Cambuurstadion by it WTC boud wurdt. Ids Hellinga, direkteur fan it Frysk Hynstestamboek, fynt dat soarchlik, om't it evenemint thúsheart yn Ljouwert en dêr neffens him ek bliuwe moat.
De hynstekeuring dy't sneon plakfynt is stiif útferkocht en der hiene mei gemak noch folle mear kaarten ferkocht wurde kind. Der binne hast 9.000 taskôgers.