Edukative bijestâl yn Heech

09 jun 2012 - 12:15

Heech hat in edukative bijestâl. Hy stiet yn it Heempark en is sneon iepene troch it PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi. Besikers kinne yn de observaasjeromte de ymker oan it wurk sjen. Se sitte achter glês sadat se gjin lêst fan de bijen ha. Fierder is in bijehotel makke dêr't wylde bijen in plakje fine kinne. It giet dan om in steapel stiennen of hout.

Lutz Jacobi nimt it op foar de bijen. Sy besiket de Twadde Keamer sa fier te krijen dat beskate gewaaksbestridingsmiddels ferbean wurde omdat de bijen der dea oan geane.

Doel fan de bijestal is om minsken wat te learen oer de bijen en om jongeren sa fier te krijgen dat se letter ymker wurde wolle.

Trefwurden: 
Heech bijestâl
(Advertinsje)
(Advertinsje)