Plysje hat it drok mei mishannelingen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter plysje moast freed trije kear yn aksje komme yn ferbân mei mishannelingen. Om healwei seizen kaam in melding binnen fan in mishanneling yn de Ferdinand Bolstrjitte. In 45-jierrige ynwenster fan Hoogezand is oanhâlden as fertochte. Sy is fêstset om heard te wurden.
Net fier dêrwei, oan de Hollanderdyk, waarden ruten stikkenmakke. De plysje hat derhinne west en oanjefte fan mishanneling opnaam. Eefkes letter waard in 30-jierrige Ljouwert oanhâlden. Yn Bears is in 30-jierrige man oanhâlden, ek op fertinking fan mishanneling en fernieling. Hy sit fêst foar ûndersyk.