Fervefabryk Nelf yn Marrum ferwachtet noch mear groei

13 jan 2018 - 11:07

De Fryske fervefabrikant Nelf yn Marrum hat in goed jier achter de rêch. It bedriuw groeide mei 7 prosint, wylst de merk mar mei 1 prosint groeide. Neffens direkteur en eigener Paul Dokter komt dat trochdat syn fabryk -  oars as de grutte oanbieders - rap, fleksibel en spesifyk saken leverje kin. Mei dêrtroch spilet de konkurrinsje op priis in minder grutte rol. Boppedat is syn organisaasje platter en lytser.

De twa grutste oanbieders fan ferve op de merk binne it Amerikaanske PPG en Akzo. Ferline jier hat PPG besocht Akzo oer te nimmen. Koartlyn hat PPG in Nederlânske gruthannel oernaam, om mear kontrôle te krijen oer dat ferkeapkanaal, mar Dokter makket him dêr gjin soargen oer. Dy oername is dan wol wat nijs, mar de striid tusken de twa grutte partijen is al jierren oan 'e gong en syn bedriuw  groeit mar troch. Hy ferwachtet dit jier ek wer nije wurknimmers oannimme te kinnen.

Trefwurden: 
Nelf fervefabryk Marrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)