Iepen dei haakte tekkens yn Ljouwert

13 jan 2018 - 11:00

Yn Ljouwert binne belangstellenden sneon wolkom op de iepen dei fan it projekt 'haakte tekkens foar Kulturele Haadstêd 2018'. Yn it gebou dêr't earder it Provinsjehûs en dêrfoar in postsortearsintrum siet, lizze 5200 tekkens. It grutste diel dêrfan is en bliuwt opslein yn it gebou en in seleksje is útein op de grûn. It projekt Grootste Gehaakte Deken van de Wereld hâldt dêr iepen hûs. It tekkenprojekt is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd 2018. Doel is om 10.000 haakte tekkens te krijen. Al dy tekkens moatte 'de opwaarmer fan 2018' wêze. Dizze simmer wurdt bekend makke hoefolle tekkens oft der úteinlik haakt binne. Oer hiel de wrâld helpe minsken mei oan it projekt  Minsken binne sneon wolkom om tekkens yn te leverjen.

It iepen hûs oan de Snekertrekwei 1 yn Ljouwert is fan alve oere oant fjouwer.

(advertinsje)