Kollum: "A day in the life"

13 jan 2018 - 08:21

"Moarnsier kertier foar achten. Jo binne al in oere fan bêd ôf, hawwe jo deistich moarnsbrochje, besteande út sterke kofje, ta jo naam. Jo hawwe de papieren krante lêzen. In soad nijs stiet der net yn, de deistige anty-Trump- en anty-Poetin-artikels hawwe je no wolris lêzen en de kollumnist op de efterside ek. It nijs fan de dei wie dat der snie yn de Sahara lei, mar dat teide nei in pear oeren alwer fuort.

Fluch noch even fia Blendle kontrolearje dat jo terjochte dy oare krante opsein hawwe, omdat der net ien artikel yn stiet dêr't je njoggen sinten foaroer hawwe om it te iepenjen. En ja, jo slagje der wer yn om binnen trije minuten alle koppen te lêzen. Kollums fan eigen redakteuren binne de dea yn de pot, sa hawwe se jo leard, dus gau klear.

Dan komt de mobile terreur fan ien nacht oan de oarder. Want dat giet 24 oeren deis troch. Jo swipe josels hast in hernia yn de rjochter wiisfinger om alles te besjen. Jo favorite hockeyteam hat wer ferlern en stiet dik ûnder de reade streek. Net folle om jo 'naar' oer te meitsjen, ek min nijs went op in gegeven momint. Jo binne net foar neat seizoenkaarthâlder fan in Fryske BVO. Dan leare jo dêr wol mei om te gean.

Nei de sanitêre ferplichtings binne jo der klear foar. It is kertier foar achten, jo groetsje de leden fan de hûshâlding dy't sliepperich oanwêzich binne. Se wachtsje op de start fan de Oerrock-kaartferkeap.

It is noch tsjuster bûtendoar, mar jo kinne alles op de taast wol fine. Boppedat is der altyd de bûslantearne-app yn jo Koreaanske meistrider dy't by need de saak ferljochtet.

Jo wurde lykas gewoanlik bliid begroete troch Igor, de grouwe reade boarre, dy't jo sa hinderlik foar de fuotten rint dat jo nei twa tellen bûtendoar hast op de bek gean. Ek de geiten roppe freonlik om hea en biks. Oant safier gjin nijs.

Jo doel fan dizze iere moarn is om de karre achter de bus te dwaan. Sa as jo dat ferline wike ek noch dien hawwe, doe't jo hea helle hawwe foar de geiten. Jo hawwe jo rydbewiis BE, dus achterút ride op de spegels is gjin probleem. Alles giet neffens plan. Jo hingje it tiksel fan de karre op de trekheak en stekke de stekker yn de stekkerdoaze, wêrnei't de ljochten fan de karre begjinne te...

Oant safier gie alles neffens ferwachtings. Mar al wat der baarnt, net de ljochten fan de karre. Ferline wike noch wol.

No kin ik in hiel ferhaal ophingje oer kontrolearjen fan stekkers en doazen yn it healtsjuster, mei de eagen fan in man fan 48, dy't dus in lêsbril by him hawwe moat om it goed te sjen mar dêr eins te grutsk foar is. Mar it komt der gewoan op del dat ik nei in healoere sa poerrazend wie dat ik de karre it hiem op skood haw en nei de garaazje riden bin. No is it sa dat eartiids, doe't wy noch gewoane buskes hiene, de triedden fan de lampeboel foar in bytsje knutselaar wol te folgjen wiene. No sit der achter in sydpaniel in kastje dat fia in printplaatsje de boel regelet. Jo kinne dus sels hielendal neat mear, útsein mei it swit yn de hannen wachtsje oant in monteur mei it berjocht komt dat dy printplaat finaal trochbaarnd is en dat er in nijenien besteld wurde moat. Op de fraach hoe't dat dan kin, dat trochbaarnen, binne hûndert antwurden mooglik, sei de monteur. Hoe dan ek, oan it wurk om te dwaan wat jo oan it begjin fan de dei mei goede moed fan doel wiene, kinne jo dy dei en de dagen dêrnei dus wol ferjitte. Want as de plysje jo mei in karre riden sjocht dêr't it ljocht it net fan docht, binne jo noch in kear de klos. Wat in hearlike dei. Sa'n dei dy't net om wol."

Trefwurden: 
Kollum
(advertinsje)