Binnenstêd Ljouwert ôfsletten foar auto's by iepening LF2018

12 jan 2018 - 23:51

In grut part fan it sintrum fan Ljouwert is folslein ôfsletten foar autoferkear mei it iepeningfeest fan Kulturele Haadstêd 2018. Dat lit de gemeente Ljouwert witte. It giet om de perioade fan 16.00 oere middeis oant 23:00 oere jûns op sneon 27 jannewaris. Ek de parkeargaraazje it Saailân moat ticht. Neffens de organisaasje fan LF2018 is dat om "sa goed mooglik de ferkearsstreamen te garandearjen en de publyksstream sa feilich en noflik mooglik te hâlden."

Ek boaten meie mei de iepening net op de stêdsgrêften farre. Troch de hiele stêd hinne binne dy sneon aktiviteiten. Op guon plakken komme poadia te stean en binne optredens. Op dy plakken kin fan 15 jannewaris ôf al net mear parkeard wurde. Op oare plakken is it fan 25 jannewaris ôf ferbean de auto te parkearjen.

De gemeente riedt minsken oan de auto by it WTC Expo del te setten. Fan dêr ride fergees bussen nei de Ljouwerter binnenstêd ta.

Trefwurden: 
LF2018 Ljouwert
(advertinsje)