Hulshoff: "Robertha hat it sjen litten"

12 jan 2018 - 23:35
  • Cambuurtrainer Sipke Hulshoff
  • Nigel Robertha

Foar Sipke Hulshoff koe de dei net better. De ynterim-trainer fan Cambuur hie freed syn 43e jierdei en syn ploech wûn mei 3-2 fan De Graafschap. "Ik hie al in hiel moaie dei en mei dizze fantastyske wedstriid is de dei hielendal slagge", sei Hulshoff nei de wedstriid. Cambuur begûn de wedstryd lykwols net goed, want De Graafschap kaam yn de 10e minút al op 0-1. "Mar dêrnei ha we it inisjatyf oernaam. Dit is in alvetal dat hurd foar inoar wurket en ek hiel goed fuotbalje kin." Nigel Robertha makke de 1-1 op oanjaan fan Barto. Hulshoff: "Dat wie in fantastyske assist. Barto docht it super en fan Robertha wisten we dat er goed is. Dat hat er no ek sjen litten."

Robertha, makker fan de 1-1 en 3-1 sei dat it trainingskamp fan Cambuur yn Spanje de ploech goed dien hat: "Iedereen heeft zichzelf op scherp gezet. We moeten allemaal harder werken. Waar we nu staan, is eigenlijk een schande voor Cambuur. Maar deze overwinning moeten we doortrekken naar maandag." Dan spilet Cambuur de ynhelwedstriid op besite by Jong AZ.

Barto wie ek bliid mei de oerwinning: "We hebben ergens aan gewerkt in de winterstop en dat wordt nu zo beloond. Het was een mooie wedstrijd tegen een prima tegenstander. We hebben veel vechtlust laten zien en af en toe ook heel goed voetbal, dat is een mooie combinatie."

(advertinsje)