Fryske hynders yn de haadrol yn Friesian Proms

12 jan 2018 - 23:06
  • De hichtepunten fan Friesian Proms 2018
  • NET MEAR BRUKE **** Friesian Proms 2018

Tsientallen Fryske hynders spilen freed glânzjende haadrollen yn it showprogramma Friesian Proms. Dat is it earste ûnderdiel fan Faderpaard. Sneon is de hynstekeuring fan it KFPS, it Keninklik Frysk Hynste-Stamboek.

De hynders waarden dit jier by it spektakel beselskippe troch sjonger Douwe Bob, Elske DeWall, sopraan Belinda Vermeer en oaren. Alle artysten waarden begelaat troch 'The Symphonic Music Connection' mei dirigint Theo Brouwer.

Omrop Fryslân stjoert de hynstekeuring sneon fan 8.30 oere ôf de hiele dei live út op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)