Punt foar sealfuotbalfroulju Drachtster Boys yn Grins

12 jan 2018 - 23:02

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha yn de earste wedstriid nei de winterstop lykspile op besite by Drs. Vijfje. Yn Grins kamen de Drachtsters twa kear werom fan in efterstân en waard it úteinlik 4-4.

Arte Brueren makke al gau 1-0 foar de Grinzers, dy't dêrnei ek better yn de wedstriid sieten. In pear minuten foar it skoft waard it 2-0. Drachtster Boys krige dêrnei noch wol wat kânskes, mar skoare slagge net.

Dat slagge nei it skoft wol. Anita Vellema brocht de spanning werom en Esther van Toledo makke sels gelyk. Dêrnei rûn Drs. Vijfje wer út nei 4-2, mar yn de lêste minuten kaam Drachtster Boys op 'e nij knap werom. Van Toledo makke de 4-3 en Vellema op oanjaan fan Atty Eelkema sels 4-4.

Drachtster Boys hat no 17 punten út 12 wedstriden, krekt as de oare Fryske earedifyzjonist, Avanti.

(advertinsje)