Trainer Marcel Valk nei fjouwer jier fuort by VV Hearrenfean

12 jan 2018 - 22:51

Haadtrainer Marcel Valk ferlit oan 'e ein fan dit seizoen VV Hearrenfean. De 51-jierrige Valk promovearre yn fjouwer jier twa kear mei de Feansters: fan de twadde klasse nei de sneinshaadklasse.

Op it stuit stiet VV Hearrenfean op it 13e plak. De doelstelling is om net te degradearjen, sa skriuwt de klup. Om dêr wis fan te wêzen, moat Hearrenfean 12e of heger einigje.

(advertinsje)