Cambuur begjint 2018 mei thúsoerwinning op De Graafschap

12 jan 2018 - 21:53

Sportklup Cambuur is it nije jier goed begûn. De Ljouwerters fersloegen thús De Graafschap, dat ûnder lieding stiet fan âld-Cambuurtrainers Henk de Jong en Sandor van der Heide, mei 3-2.

Cambuur begûn de wedstriid net goed. Yn de tsiende minút koppe Sjoerd Ars foar De Graafschap raak út in foarset fan Daryl van Mieghem. Dêrnei begûn Cambuur better te fuotbaljen. De ploech fan Sipke Hulshoff, dy't freed syn jierdei hat, wie al twa kear ticht by de 1-1. Dy lykmakker foel úteinlik healwei de earste helte. Nigel Robertha skoarde nei in moaie oanfal. Nei't grutte kânsen oan beide kanten gjin goals opleveren, like dat ek de rêststân te wurden. Mar yn 'e blessueretiid makke Xander Houtkoop út in frije traap, dy't fan rjochting feroare waard, de 2-1.

Nei fiif minuten spyljen yn de twadde helte gie Cambuur hielendal op roazen: Nigel Robertha makke syn twadde fan 'e jûn. Houtkoop joech de assist mei op 'e nij in frije traap. Krekt nei't Issa Kallon in grutte kâns mist hie op de 4-1, foel de goal oan de oare kant. Lars Nieuwpoort skeat fia ferdigener Robbert Schilder raak. Dêrnei wie de spanning wer hielendal werom. De Graafschap besocht noch wol om oan te setten, mar it slagge Cambuur om de punten yn eigen hûs te hâlden.

Cambuur - De Graafschap: 3-2 (2-1) 10. Sjoerd Ars 0-1, 23. Nigel Robertha 1-1, 45. Xander Houtkoop 2-1, 50. Nigel Robertha 3-1, 64. Lars Nieuwpoort 3-2

Opstelling SC Cambuur: Erik Cummins; Sai van Wermeskerken, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Jordy van Deelen; Mathias Schils, Xander Houtkoop (74. Ricardo Kip), Martijn Barto; Furdjel Narsingh (87. Alvin Daniels), Nigel Robertha, Issa Kallon (66. Kevin van Kippersluis)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)