Grutste part ried Amelân wol nije koälysje sûnder Ameland'82

It Amelân © Omrop Fryslân
De mearderheid fan de gemeenteried fan It Amelân wol in nije koälysje mei dêryn alle fraksjes útsein Ameland'82. Dy fraksje sei ôfrûne moandei it betrouwen op yn de koälysje mei Algemeen Belang Ameland en woe demisjonêr fierdergean, omdat in riedslid fan Algemeen Belang Ameland nei de kommende ferkiezingen fan maart fierder wol as CDA'er.
Kommende moandei is der in ekstra riedsgearkomste yn Ballum, dêr't yn besjoen wurdt hoe't it fierder moat.