Ljochtkeunstprojekt Daan Roosegaarde te sjen yn Ljouwert

12 jan 2018 - 21:19

It projekt Waterlicht fan keunstner Daan Roosegaarde is yn febrewaris te sjen yn Ljouwert. It ljochtkeunstprojekt wie earder te sjen yn Madrid, Parys en Amsterdam. Der kamen tsientûzenen besikers op ôf.

Waterlicht is in projekt mei beweegjend ljocht dat diel útmakket fan meardere keunstwurken en -aktiviteiten dy't mei wetter te krijen hawwe. Dy projekten wurde opfierd yn it Kulturele Haadstêdjier 2018. It is te sjen op 1, 2 en 3 febrewaris op grutte doeken op it Saailân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)