Wapene oerfal op supermerk yn Ljouwert

By in oerfal op in supermerk oan de Wylgestrjitte yn Ljouwert is freedtejûn in meiwurker mei in mes bedrige. Twa oerfallers binne útnaaid mei in ûnbekend jildbedrach.
De plysje is manmachtich nei op syk nei de oerfallers. Dêrby is ek Burgernet ynskeakele. Minsken wurde oproppen om út te sjen nei in lange man. Wa't him sjocht, moat neffens de oprop perfoast sels gjin aksje ûndernimme, mar 112 belje.
By de oerfal is net ien ferwûne rekke. De plysje meldt wol dat it personiel fan de supermerk bot skrokken is.
Trije dagen lyn wie der yn Fryslân ek in wapene oerfal. Doe easke in man mei in fjoerwapen jild by in snackbar yn Aldskoat.