Rotonde moat ferkearsproblemen by Garyp oplosse

12 jan 2018 - 20:56

In nije rotonde moat de ferkearsproblemen oplosse dy't ûntstien binne by Garyp nei de oanlis fan de Sintrale As. Sûnt dy nije dyk der is, ride der safolle auto's oer de rûnwei om Garyp hinne, dat de âlde T-splitsing op it fiadukt it net mear oan kin.

De nije rotonde moat sawat yn oktober klear wêze, seit projektlieder Dirk Lont fan de provinsje. It wurk begjint nei de simmer. Oant it safier is, komme der earst tydlike stopljochten. Dy wurde takom tiisdei ynstallearre en ynregele. No stean der noch alle dagen ferkearsregelers om de drokte yn de spits yn goede banen te lieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)