Pasveerkorps by Guus Meeuwis

09 jun 2012 - 10:25

It Pasveerkorps út Ljouwert hie freedtejûn in bysûnder konsert. Sy mochten it earste stadionkonsert fan sjonger Guus Meeuwis iepenje. Se diene dat yn it Philips Stadion yn Eindhoven. Yn de tarieding nei de konserten waard troch Meeuwis en syn produksjeteam socht nei in spesjale ynfolling fan de iepening. Dêrby waard socht nei in showband.

Uteinlik kaam it team út by Pasveer út Ljouwert. Foar de iepening is in spesjaal nûmer skrean troch de arranzjeurs fan Meeuwis en it Pasveerkorps.

It is de bedoeling dat it Ljouwerter korps ek by de oare trije konserten fan Meeuwis spilet.

Trefwurden: 
Pasveerkorps Guus Meeuwis
(advertinsje)
(advertinsje)