Scootmobyl yn 'e brân yn fersoargingstehûs Harns

12 jan 2018 - 20:27

In part fan in fersoargingstehûs yn Harns is freedtejûn ûntromme fanwege in brân. Op de earste ferdjipping fan wensoarchsintrum De Spiker wie in scootmobyl yn de brân flein.

Tolve minsken moasten út de eigen keamer wei. Se binne ûndersocht troch minsken fan de ambulânse, mar gjinien hoegde mei nei it sikehûs.

Neffens in wurdfierder fan de brânwacht binne de bewenners der bot foarwei. Fan de scootmobyl is net in soad oerbleaun. It gebou hat foaral wetterskea oprûn troch de blusserij.

Trefwurden: 
De Spiker Harns brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)