Oldtimer komt ûnder frachtwein mei sûkerbiten telâne

12 jan 2018 - 20:06

By in ûngelok op de provinsjale dyk by Doanjum is freedtejûn in âlde Volvo út 1972 ûnder in frachtwein mei sûkerbiten telâne kaam. De bestjoerder fan de oldtimer rekke dêrby ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De brânwacht wie ek oproppen, omdat tocht waard dat de bestjoerder beknypt rekke wie, mar dat blykte net sa te wêzen. Wêrom't de auto tsjin de frachtwein oan botste, is net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)