Tet Rozendal moannen út de rûlaasje

12 jan 2018 - 19:43

Sjongeres en aktrise Tet Rozendal kin moannen lang net optrede fanwege in swiere harsenskodding dy't se yn desimber oprûn hat by in falpartij. Se ferwachtet dat se pas yn maart wer sterk genôch is om oan it wurk te gean. Dêrtroch geane twa foarstellingen fan it muzikale toanielstik "De Brekbere Sirkel" foarearst net troch.

(advertinsje)
(advertinsje)