Wall of Fame mei heroyske alvestêdeferhalen ûntbleate

De heroyske ferhalen fan de Alvestêdetocht wurde no ek yn tekst en foto's útbylde by de entree fan de Alvestêdehal. Alle winners steane ôfbylde op de wand mei de gegevens oer de edyzje dy't se wûn ha.
Freed wie de ûntbleating fan de "Wall of Fame" troch Alvestêdetocht-foarsitter Wiebe Wieling. Under de oanwêzigen wienen ûnder mear de âld-winners Reinier Paping ('63) en Henk Angenent ('97), en ek Lenie van der Hoorn en Klasina Seinstra, dy't de bêste froulju wienen yn respektyflik 1985 en 1997.
Dat de tocht noch altyd bot libbet blykte wol út it grutte tal media-ferstjintwurdigers dat op de ûntbleating ôf kaam.