Soargen oer F16's by TT

09 jun 2012 - 10:17

Natuerorganisaasje Natuermonuminten makket him soargen oer it plan om F-16's yn te setten by de TT yn Assen. Se binne benaud dat de fleantugen de briedende kraanfûgels yn it Fochtelerfean fersteure sille. Neffens de organisaasje briede der dit jier in rekôroantal pearkes yn it natuergebiet. It Fochtelerfean is ien fan de pear natuergebieten dêr't de Kraanfûgel goed briede kin.

It TT-racecircuit leit op koarte ôfstân fan it natuergebiet en it lûd fan de fleantugen soe in skrikreaksje by de bisten feroarsaakje kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)