Julie Bruijnincx nije fraksjefoarsitter D66 Ljouwert

12 jan 2018 - 18:34

Julie Bruijnincx (33) wurdt de nije fraksjefoarsitter fan D66 yn de gemeenteried fan Ljouwert. Se folget Hilde Tjeerdema op, dy't fan 17 jannewaris ôf wethâlder wurdt yn it nije kolleezje mei CDA, PvdA, en PAL/GrienLinks. Bruijnincx sit sûnt 2014 yn de gemeenteried fan Ljouwert en hâldt har ûnder oare dwaande mei iepenbiere oarder, feilichheid en it sosjaal domein.

(advertinsje)
(advertinsje)