Auto mei oanhinger fan 'e dyk op N359; ien rydstrook ticht

12 jan 2018 - 18:19

Op de provinsjale dyk tusken Wommels en Ljouwert is by Húns in auto mei in oanhinger fan de dyk rekke. De kombinaasje kaam op de sydkant yn in sleat telâne.

Neffens in tsjûge sjocht it dernei út dat der net ien ferwûne rekke is. De bestjoerder soe útwykt wêze foar in oare auto dy't besocht te kearen.

Op de N359 is ien rydstrook ôfsletten foar it ferkear, sadat de auto en oanhinger feilich út de sleat helle wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)