Plysje siket eigener deade ponny

12 jan 2018 - 17:59

De Fryske plysje is op syk nei de eigener fan in deade Shetlandponny dy't fûn waard tusken Garyp en Warten, flakby de Fonejachtbrêge. Neffens de plysje wie de ponny swier fermeagere. It giet om in readbûnte rún fan acht jier âld. Minsken dy't mear witte oer de ponny, of oer de eigener, wurde oproppen om har te melden by de plysje.


 

Trefwurden: 
plysje ponny
(advertinsje)
(advertinsje)