Tytsjerksteradiel wol It Maskelyn oernimme fan WoonFriesland

12 jan 2018 - 17:53

It gemeentebestjoer fan Tytsjerksteradiel wol foar twa miljoen euro it multyfunksjoneel sintrum fan Hurdegaryp oernimme fan wenningkorporaasje WoonFriesland. Dy organisaasje wol him mear talizze op goedkeape hierwenningen. De gemeente is no hierder fan multyfunksjoneel sintrum It Maskelyn. Boargemaster en wethâlders skriuwe yn in brief oan de ried dat se ferwachtsje dat de oankeap op termyn jild besparje sil, omdat se dan gjin hier mear hoege te beteljen.

It bestjoer fan It Maskelyn hat neffens de gemeente oanjûn dat se graach wolle dat Tytsjerksteradiel eigener wurdt fan it gebou. De ôfrûne jierren hat der hiel wat te dwaan west oer de fraach wa't ferantwurdlik is foar it ûnderhâld. Troch de oername ferfalt der in partij, en dêrtroch ferwachtet it bestjoer dat der effisjinter wurke wurde kin.

WoonFriesland biedt It Maskelyn oan de gemeente oan foar 2 miljoen euro. As de gemeente it oanbod net akseptearret, sil it kompleks oan in oare partij ferkocht wurde. De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel nimt ein jannewaris in beslút oer de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)